Schrijvers om de Noord
![]() |
tekening door Ger Siks |
Piter Boersma
De grutte rivieren
Isel, Ryn, Waal en Maas, fan boppen nei
ûnderen, swarte kronkels oer de griene
kaart fan Nederlân. En op in plaat stiene
kij, de koppen del, ûnder wylgen, mei
de poaten yn it wetter. Mar de dei
kaam dat ik se yn 't echt sjen koe, wy wiene
ûnderweis nei it suden ta. De iene
nei de oare blinkende wetterwei
ferskynde ûnder ús yn dizich ljocht,
griisgriene uterwaarden. No ek ride
oer hege diken, nei skippen sjen, witte
dat dit in dream is, troch it libben brocht,
fan in haad ôf nei de stream sjen, opride
nei in pont en jin dêr oersette litte.