Schrijvers om de Noord

 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
Tsead Bruinja
tekening door Ger Siks

Tsead Bruinja

-

hjir bealgje wy yn flessehāldingen diktearre
troch fjoertoer nachten fan ikehout en single malt
śs lichems bline kuorkes fol wyngesnoark
yn in kearsrjochte swalkersreis omheech

de feart oer it skip yn
it skip fan dizze nacht wie ien
en net itselde

de treeplanke del boartlik bryk
it paad wie ien
en net itselde

ik telde it hier op dyn boarst
dźr't de mānske leafde huze
dy't dy lytser makke as it tekken
yn it bźd it iennichste plak
dźr'tst om in gesicht ferlegen sitst
bestoppest my mei in gedicht
in tik op 'e noas en in dream

der is in dream dy't dizze nacht ta ōfskie wźze soe
mar folslein krūpte se yn it fet werom
stil as op it eilān in mar dy't fan de wylde see weet hat
genōch om har net troch fiskerssoannen betraapje
te litten mei allinne mar in earste stap kopke ūnder
kopke ūnder sil ik my bedrinke
oant ik alles śt har preaun haw
de see de mar it sālt it swiet it soer
en de wyn har gelyk de wyn har gelyk

har skientme bedjert my

vorige
volgende