Schrijvers om de Noord

 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
Tsjbbe Hettinga
Olieverfschilderij door Trudy Kramer

Tsjbbe Hettinga

Frjemde Kusten

Oan swarte stielkabels hawwe de bokken
De nacht boppe see en haven ttakele.
De gjalpen fan seefgels, op it wetter
Yn 'e slomme, binne oernommen troch fammen
Dy't op hichte havenjonges befleane.
De wyn, dy't slt en frjemde tongslaggen ynhat,
Sylt plichtmjittich as in parlefinker troch
De wetterstrjitten fan 'e std, de kaaien del
Dr't de houdini's fan de grutte feart fluch
De boeien fan de lange dining fdogge,
De stegen troch nei dearin'de herten, om
Lichtsinnich oan 'e swier te gean mei roken fan
Lavendel, lear, knyflok, tabak, benzine.
De drokke kaaien en de wurge neisimmer,
De bokken en de mokkels fine elkoar
Net: sykjend in seeman, dy't noch lnrt is. Ik.
Oerenlang doal ik troch it havenkertier,
Drink yn 'e dokkroegen: nder de dekmantel
Fan nacht en neon befarre rossige
Froulju de koaien fan it wrakke skip De Wrld
(Mei poaiers oan 'e pompen dy't de triennen
Eazje). De tholjende boat fan 'e moanne
Besylt koel de sdlike kontininten,
Dy't op 'e wetterkaarten fan myn oantinken
Skatten krst ha mei de nammen fan havens,
Mei de kielen fan kriezjende seefgels, mei
De grize eagen fan in oerstutsen mem.
Ja, alle havens lykje op inoar, wit ik,
En, lyksa, de sulverrvjende froulju.
Kom leave, ropt ien. Dat sizze se allegear,
Oeral. Nee, ths wol ik wze, al is 't mar
Foar in nacht, en sykjend slaan ik de taxi's acht.

vorige
volgende