Schrijvers om de Noord

 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
Trinus Riemersma
tekening door Ger Siks

Trinus Riemersma

Fragmint

(t: 'Nei de klap')

Op in moarntyd wurd ik wekker fan roppen en razen. Ik sjit oerein en doch de skuon oan. Ik ha my fst fersliept, de oaren binne der al f. As ik by de trep del gon, merk ik dat it folle ljochter is as oars. Ik kom bten en slach daliks de hn foar de gen. It is blinkend ljocht oeral. De sinne skynt! De sinne! It is sn jier lyn dat ik de sinne foar 't lst sjoen ha. No wurd ik de oaren gewaar, Claus,Ineke, Jochen, Lize en Ilse. Se rinne yn in optocht om it hs en de skuorre hinne en laitsje en roppe. Hanny stiet dom om har hinne te sjen, as moat se har yn 't sin bringe wat dit no ek al wer wie 'De sinne!' ropt Ilse. En ik rop werom: 'De sinne!'.
  Mar de trije Frnske bern binne yn 'e skuorre krpt, se binne bang. Se witte tink net mear dat foarhinne de sinne wittefaak skynde, it is nij foar har. Of ha se dochs dat felle ljocht fan sn jier lyn yn 't nthld en binne se drom sa bang? Ik gon nei har ta en praat in pear wurden tsjin har. Mar myn Frnsk is net sa bst. Se sille aanst wol bten komme as se merke dat wy net bang fan 'e sinne binne.
  'No komt it wer goed!' seit Claus. Hy is ek tige optein. Hy hellet Ineke nei him ta en jout har in tt. 'Verdammt noch mal!' ropt er. Wy sjugge dat in walm fan 'e heuvels slacht, de sinne bakt de grn droech. No sil alles wer groeie wolle! No is der aansent wer iten yn oerfloed. Ik wurd hast oerstjoer. 'Wy sille iten sykje!' rop ik. Claus knikt. Wy stekke mei s fiven f, Ilse, Hanny, Jochen, Lize en ik. De Frnske bern litte wy gewurde, dy binne fierste bang.
  Wy nimme pden mei en gonne de heuvels yn. Ilse hat in bst sin, se sjongt. It heart moai, ik wurd der hast raar fan. It is lang lyn dat ik sa sjongen heard ha. As de soldaten songen, waard ik bang, want dat betsjutte meastal net folle goeds. En de Dtsers songen healwize lieten dr 't neat oan wie. Mar sa 't Ilse sjongt, dat is moai. Sa song s mem ek. Ik moat ek wol sjonge kinne, ik ha op 't lst op skoalle west, mar ik wit neat, of ik wol it net mear witte. It is sa lang lyn dat it sa'n fleurige dei wie, en no kin ik it hast net oan.

vorige
volgende