Schrijvers om de Noord

 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
Trinus Riemersma
tekening door Ger Siks

Trinus Riemersma

Healwize oanslaggen

fragmint út: 'Healwize oanslaggen' (filmsenario)

iv. In kar dat gjin kar is

24. Bûten - in grut hûs earne op 'e rûmte, ferskûle tusken beammen
In buske komt de opriidleane op en hâldt. De sjeffeur stapt út en makket de efterdoar los. In oare man komt der út en dan de Lefèbres. De hannen binne har op 'e rêch bûn. Se wurde holpen by it útstappen. Ien fan 'e manlju fiert har nei de doar fan it hûs, de oare riidt de bus fuort.

25. Binnen - in sobere hege keamer
Yn 'e keamer binne trije persoanen. Ien hat in wite jas oan (Février). De oare is de grize hear dy't earder sjoen is op 'e hotelkeamer ( Janvier). De tredde is in bear fan in fint mei in ûnhuer uterlik (Auguste).
De doar giet op en de Lefèbres wurde nei binnen treaun troch har bewekker.
Janvier komt fan 'e stoel ôf.


 Janvier
Aha, de hear en mefrou Lefèbre! Wolkom! Och, ik sjuch jim kinne my net iens in hân jaan! Auguste, meitsje har touwen los!

De ûnhuere bear makket de touwen los. De Lefèbres sjugge tige eangstich.

 Lefèbre
Wa binne jo! En wat wolle jo mei ús? Jo hawwe it rjocht net om ús te ûntfieren! Wy binne toeristen, wy hawwe neat mei polityk út te stean.

De Janvier pakt de Lefèbres elk by in skouder en triuwt har op in stoel. De Lefèbres geane sitten.

 Janvier
Alles is polityk, myn bêste man. Mar as jo neat fan polityk witte wolle, bêst, lit de polityk mar oan ús oer. Wy hawwe jo hjir ek net helle om jo politike ynsjoggen, dy't neffens ús ynformaasje nochal ynfantyl binne, mar om jo wittenskiplike kundichheden. Jo lykje in bysûnder knappe wittenskipper te wêzen, menhear Lefèbre?

 Lefèbre
Jo hawwe net it rjocht om my te ûntfieren, my en myn frou.

 Janvier
Avril, helje ris wat te iten en te drinken!

De bewekker dy't de Lefèbres ynbrocht hat, rint de doar út. De Janvier giet wer sitten. De trije manlju nimme de Lefèbres tige op.

 Février
Dat kin jo in Nobelpriis opsmite, kollega!

 Lefèbre
Kollega? Wa binne jo? Wat wolle jo?

Février glimket. Avril komt werom mei in skaal broadsjes en in kanne kofje. Hy set de broadsjes foar de Lefèbres del en jit kofje yn kûmen. De Lefèbres bliuwe stokstiif sitten.

 Janvier
Yt, dan sil ik jim útlizze wat ik fan jo ferwachtsje. Yt! En drink! Jimme hawwe in hele tiid neat hân. Op in lege mage kin men net helder tinke.

De Lefèbres sjugge begearch nei it iten, mar taaste noch net ta.

 Janvier
Avril, helje wyn en glêzen.

Avril giet fuort en komt in setsje letter werom mei in pear flessen wyn en in steal glêzen. De Lefèbres binne dochs skruten begûn te iten en te drinken. Janvier knikt en glimket. Hy nimt in flesse fan Avril oan en jit himsels wyn yn. Hy set de flesse del en betsjut de oaren dat se ek in glês nimme kinne.

 Janvier
Menhear Lefèbre, wat wy fan jo freegje, is foar in man mei jo kundichheden in lytse muoite. Jo hawwe mei jo kollega's de baktearje ydintifisearre dy't de oanstifter is fan eksplosive dementsy. Mei jo kollega's, mar it wie dochs benammen jò wurk, menhear Lefèbre. Jo binne in knappe kearel. Jo sille sûnder mis de hear Courier opfolgje as lieder fan it ynstitút. Wolno, menhear Lefèbre, in twatal ampullen mei baktearjes binne no yn ús besit en wy freegje fan jo om ús te helpen om dy baktearjes sa te fermannichfâldigjen dat wy der tweintich ampullen mei folje kinne. Dat is dochs foar jo in skytwissewasje?

Lefèbre wurdt tige oerstjoer, rint read oan, komt oerein en giet ek wer sitten, minofmear ferslein.

 Lefèbre
Dat kìn net! It ynstitút is befeilige! Der binne bewekkers! Der is alarm!

 Janvier
Menhear Lefèbre, jo binne in echte wittenskipper. Unfoarstelber knap op jo fakgebied, mar dêrbûten bysûnder dom. Tinke jo dat wy de ampullen stelle soenen by nacht, lykas elkenien ferwachtet? Nee, menhear Lefèbre, wy hawwe de ampullen eh... hm... yn ús besit steld doe't jo en jo kollega's der libbensliif by wienen.

Lefèbre sjucht him eangstich en yn 'e war oan.

 Janvier
Der foelen flessen, menhear Lefèbre, en der foelen glêzen, en alle knappe koppen seagen dernei. En gjinien seach nei de ampullen.... (Ynienen feroaret syn faderlike toan yn in hurdenien.) Genôch praat! Moarn begjinne jo yn ús laboratoarium. Février hjirre hat de lieding en jo lizze him eksakt út wat er dwaan moat.

 Lefèbre
Noait! Binne jo gek! Dat guod is libbensgefaarlik! Wat wolle jimme der mei útheve? Noait, hearre jo?

 Janvier
Auguste, ik tink dat mefrou Lefèbre even in bêste beurt ha moat, tink dy ek net?

De ûnhuere bear lûkt frou Lefèbre fan 'e stoel en ritst har de klean fan 'e lea, oant se yn broek en bh stiet. Lefèbre sjit der op ta, mar Avril jout him in stomp yn 'e mage dat er oer de grûn trûzelet.

 Janvier
Krûm oer de tafel, Auguste. Dat fynt mefrou lekker.

De ûnhuere bear teart frou Lefèbre oer de tafel en skuort har broek del. Frou Lefèbre âlet. Lefèbre âlet ek. Hy komt oerein.

 Lefèbre
Nee, nee! Lit har los! Ik sil it wol dwaan. Lit har los!

 Frou Lefèbre
Nee, Jean! Net dwaan! Lit se my dan mar ferkrêftsje!


Janvier jout Auguste de wink om frou Lefèbre los te litten. Frou Lefèbre lûkt de broek omheech en giet sitten.

 Janvier
Ik ha in grutte bewûndering foar jo, mefrou Lefèbre, dat jo jo opofferje wolle. Mar hoe sit it mei jimme dochter? Wolle jo dy der ek oan weagje? (Hy hellet in foto út syn portefeuille en smyt dy op 'e tafel.) In bysûnder moai famke! En ek in briljant studinte, haw ik my fertelle litten. Wolle jo dat Auguste hjirre har ek ferkrêftet? Auguste wol wol. En likegoed as wy jimme hjirhinne helje kinne, kinne wy jimme moaie dochter ophelje.

Frou Lefèbre barst yn gûlen út. Lefèbre sit mei de hannen foar it gesicht.

 Janvier
Ofpraat dan! Moarn oan it wurk! Earst mar in goede nacht sliepe! Auguste, bring har nei har keamer.

Auguste bringt de Lefèbres de keamer út. Avril giet ek fuort.

 Février
Ferwachtsje jo swierrichheden?

 Janvier
Wat ferwachtest sels? It is yn 't foarste plak dyn probleem, do moatst der op tasjen dat er syn wurk docht, goed en flot.

 Février
Ik tink dat it wol losrinne sil.

 Janvier
Ik rekkenje derop datst my op 'e hichte hâldst fan 'e foarderingen. Wy moatte ús oan it tiidskema hâlde. By twivel wol ik daliks ynformearre wurde.

Février knikt. Hy giet oerein.

Fade out

vorige
volgende